GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4 Agindapunt: 4 Utstelnu.: 97/30 Stiens, 20 maart 1997 Underwerp: feststelling tariedingsbeslut Oan de gemeenteried De famylje Weistra, Sillan 7 yn Britsum hat by us kolleezje in oanfraach om fergunning yntsjinne foar de bou fan in wenning oan de Lytse Dyk te Britsum. Foarofgeand oan dat fersyk om fergunning hie de famylje al in prinsipe-fersyk yntsjinne. As antwurd op dat prinsipe-fersyk hawwe wy, nei wat fierder oerlis en oerienkomstich it stanpunt fan de kommisje D.O.W. datoangeande, us meiwurking tasein. Der waard troch us it betingst oan ferbun dat it bouwurk binnen in oanjun boublok boud wurde moatte soe, wylst de foargevel fan de nij te bouwen wenning yn in oanjune roailine pleats wurde moat. It no yntsjinne bouplan foldocht oan dy betingsten dy't troch us oan de te ferlienen meiwurking keppele waarden. Omdat it jildende bestimmingsplan it bouplan net tastiet, moat de oanffege boufergumung troch de wei fan it fieren fan in saneamde art. 19-proseduere ferliend wurde. Derta is it needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar oanbelangjend perseel in nije bestim- ming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in konsept beslut mei byhearrende tekening oan. Wy stelle jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan us kolleezje de fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. As leste merke wy it folgjende noch op. Yn it bestimmingsplan Britsum is foar in part fan de grun der't de wenning op pland is, bepaald dat neist it ferlienen fan de boufergunning ek in oanlisfergunning ferliend wurde moat. Dy grun hat nml. in argeologyske wearde. Datoangeande kinne wy jimme meidiele dat wy, ierienkomstich de derta foarskreaune proseduere de Rykstsjinst foar it Aldheidskundich Boaiemundersyk advys frege hawwe. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. Bijl

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 14