GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 8 Agindapunt: 8 Utstelnu.: 97/34 Stiens, 20 maart 1997 Underwerp: iepenbiere ferljochting Oan de gemeenteried De iepenbiere ferljochting yn de gemeente wurdt fia in saneamde poalkonstruksje hierd fan de NUON. Yn it koart komt it der op del dat de gemeente jierliks betellet foar de enerzjykosten, de underhaldskosten en de ofskriuwingslesten fan de ynvestearring. Mei dat systeem wurdt nei it ofskriuwingstermyn de mest ferfongen sunder dat de gemeente der ekstra foar betelje moat. Op dit stuit is foaral de sitewaasje yn Stiens sa dat in grut tal mesten ferfongen wurde moatte. Op it med fan iepenbiere ferljochting hawwe yn de offune jierren nochal wat untjouwings west op it gebiet fan de soart ferljochting yn ferban mei: 1. de enerzjy sunigens 2. de sosjale feiligens yn iepenbier gebiet Derom is de sitewaasje werby't in grut tal mesten ferfongen wurde moat ideaal om ek te sjen nei oanpassing fan alle ferljochting. De mearkosten derfan binne yn dy sitewaasje minimaal. Foar hiel Stiens leit der no in foarstel om de ferljochting te ferfangen en oan te passen. Dat jildt ek foar it doarp Feinsum. Der binne ek mesten oan ferfanging ta en is it ljochtnivo op de wei troch Feinsum net yn ferhalding mei de wenfunksje dy't dy wei hat. Yn fmansjele sin komt de yngreep del op in sitewaasje dat de gemeente ien kear in bydrage feststelle moat fan meiinoar 53.565,-, dat yn kombinaasje mei it tanimmen fan de eksploitaasjekosten yn't jier delkomt op in lest fan 8.823,—. Troch tapassing fan enerzjysunige armatueren wurdt in besparring berikt fan 6.456,- yn't jier. De netto kosten foar de totale oanpassing falle dertroch op jierbasis mar 2.367,- heger ut. Wy stelle jimme foar om mei dit plan yn te stimmen om op sa'n wize de ferljochting tsjin minimale kosten foar in grut part oan te passen. De leden fan de kommisje DOW hawwe posityf reagearre op it foarlizzende plan. Foar mear ynformaasje ferwize wy jimme nei de stikken dy't op besjen lizze. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 26