12. Utstel oangeande oanpassing berm Aldeleie 97/22 - 0530 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Boersma, Admiraal, De Vries, Bijlsma, Lageweg en wethalder Jansma. De measte sprekkers binne it wol iens mei it foarstel, benammen om 't de ferkears- perikels op 'e Leij ester Hegedyk no einlings yn syn totaliteit oplost wurde kinne en omdat der no ek jild foar beskikber is. De hear Admiraal freget him lykwols of werom't 35.000,- gune utjun wurde moat foar in net foldroegen plan. Hy is fan betinken dat it plan earst mar ris yn'e ferkears- kommisje oan 'e oarder komme moat. De hear De Vries is it der mei iens en fynt de fmansiering middels it net brukte kredyt foar de Lange Hage ek net suver. De ynvestearring is boppedat ek wer net neffens de ofspraken dy't makke binne by de begruttingsbehanneling. Wethalder Jansma fynt de maatregel op dit stuit winsklik en leit ut dat mooglike provinsjale subsydzje op it kredyt fan 35.000,— yn mindering brocht wurde sil. It plan sil yn oerlis mei de ferkearskommisje en de ferkearsgroep Aldeleie utfierd wurde. It utstel fan de hear De Vries om it foarstel oan te halden oan't de behanneling fan de maitiidsnotysje wurdt fersmiten mei 9 tsjin 4 stimmen. Foar it utstel stimme meffou Haites en de hearen De Vries, Admiraal (stimferklearring) en Fokkema. It kolleezjefoarstel wurdt oannommen mei 9 tsjin 4 stimmen. Tsjinstimmers binne meffou Haites en de hearen De Vries, Admiraal en Fokkema. 13. Utstel oangeande bouplan It Altematief. gebou 8-88 97/23 - 1119 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Poortinga, Bijlsma, Admiraal, Boersma, De Vries, Ketellapper en de foarsitter. It plan wurdt sjoen as in prima ynfolling fan it gebiet en draacht by oan it behald fan de karakteristike keam. It gebrukmeitsjen fan de art. 19-proseduere is hjir ferantwurde. Oantrune wurdt op bestimmingsplantechnyske sekuerens. De voorzitter zegt dat het van belang is de procedure van dit plan los te koppelen van de rest. Inhoudelijk is bij het voorstel gekozen voor een zo objectief mogelijke formulering. De hear Bijlsma merkt op dat oan dat art. 19 gjin ijochten untliend wurde kinne foar oare gefallen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 14. Utstel oangeande utwreidine bemedeiferbliuw "DoReMi" 97/24 - 1450 m. Deroer komme oan it wurd mefrou Haites en de hearen Poortinga, Boersma, Ekas, Fokkema, Dijkstra en wethalder Klaassens.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 7