GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 12 Agindapunt: 12 Utstelnumer: 97/38 Stiens, 18 maart 1997 Underwent: jierlikse subsydzje Radio Middelse Oan de gemeenteried It bestjoer fan Radio Middelse hat by us in fersyk yntsjinne om in grutter bedrach oan subsydzje krije te meien. Hja hawwe nammentlik gjin finansjele rumte om appa- ratuer oan te skaffen en brake noch altiten it spul fan de frijwilligers. Sa'n berop op eigen frijwilligers fynt Radio Middelse eins te grut. Mei dy stelling kinne wy us lykfine. Mei in ferheging fan it subsydzjebedrach kin der eigen apparatuer oanskaft wurde. It bestjoer freget derom in grutter bedrach oan jierlikse subsydzje, mar hja ffeegje ek it bedrach fan de renteleaze liening, dy't wy har ferliene, te ferheegjen. Boppedat hat Radio Middelse us in litstel dien de jierlikse subsydzjestruktuer te wizigjen. Hja stelle ut om sjoen de untwikkelings yn de neie Mediawet in opslach op 'e omropbydrage de hushalding te freegjen. Sa'n opslach op 'e omropbydrage steane wy lykwols net foar. Wy binne wol fan betinken dat it subsydzjebedrach om reden fan de oanskaf fan eigen apparatuer ferhege wurde moat. It subsydzjebedrach bedraagt op dit stuit 3.250,-- it jier. Wy binne fierders mei Radio Middelse en de gemeente Ferwerteradiel yn oerlis oer mooglik gearwurkjen. Foar't wy in beslut nimme oer it mooglik ferheegjen fan de renteleaze liening, soene wy graach de untwikkelings yn Ferwerteradiel ofwachtsje, mar in beslut kin net al te lang utsteld wurde. Om Radio Middelse yn 'e mjitte te kommen, wolle wy it fersyk foar it ferheegjen fan de renteleaze liening yn alle gefallen uterlik yn april behannelje. Wy ferwachtsje lykwols dat dan it oerlis yn Ferwerteradiel offline weze sil. Derom stelle wy jimme rie op dit stuit ut it subsydzjebedrach foar 1997 mei 1.000,- te ferheegjen nei 4.250,-- en it beslut oer de renteleaze liening in hoartsje foarut te skowen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 82