8. Ofstiitten iepenbier grien (belied) 97/61 - 1579 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ketellapper, De Vries, Poortinga, Bijlsma, Admiraal en wethalder Jansma. Nei in wiidweidige diskusje wurdt it utstel oanhalden en sil op 'e nij oan 'e oarder komme yn de kommisje DOW. 9. Ofstiitten ienenbier grien Cut tiering) 97/62 - 2197 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Bijlsma en wethalder Jansma. De hear Bijlsma giet akkoart mei it utstel. Dochs hat er in fraach oer de stikken grun (oan de Noardkromp). Binne der stikken grun ferkocht of ferhierd? Hokker stanpunten nimt it kolleezje yn. Wethalder Jansma seit ta yn de kommisje DOW op dy fraach werom komme te sillen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 10. Mutaasies direksies basisunderwiis 97/63 - 2235 m. Dit punt fan de wurklist wurdt yn besletten sitting behannele. Na afloop deelt de voorzitter mee dat het voorstel wordt aangehouden en besluitvorming zal plaatsvinden in een extra vergadering op 10 juni aanstaande. 11. Gimmestvkmateriaal skoalkasten 97/64 - 0729 m. (Ban II) Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 97/65 - 0733 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Dijkstra, Fokkema, Boersma, De Vries, Ekas en wethalder Klaassens. De fraksjes kinne ynstimme mei it utstel. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje foar in sa'n rum mooglik minimabelied is. Hy ferwiist nei de besluten fan minister Melkert, der't de bedraggen leger by utfallen binne as at oanjun wie. Wat dat oanbelanget mei it bedrach ferdubele. It giet hjir oer ynkommensbelied, in saak foar it ryk en net foar de gemeente. De FNP fynt dat it ryk faalt, undanks dat it goed giet mei de ekonomy docht sy neat foar de minima. Om reden derfan hat syn fraksje in moasje opsteld en freget hy de leden dy te stypjen. De hear Fokkema seit ynnaam te wezen mei it utstel dat in ekstra oanfolling fan it minimabelied ynhaldt. 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 10