Hy seit dat syn fraksje dan ek nei befyn fan saken hannelje sil. De hear Fokkema seit
de opmerkings fan de eardere sprekkers te underskriuwen.
Hy hopet dat der no allinnich mar winners binne, foar de bem likegoed as foar it
underwiis/de skoallen yn de gemeente. De hear Ketellapper is fan miening dat, wat it
ynskeakeljen fan de mr oanbelanget, dy gefoelens by de hiele ried libje. Yn alle
gefallen wol by syn fraksje.
Wethouder Klaassens zegt de reacties te waarderen. Toch is het niet eenvoudig vaste
procedures aan te houden. Hij wijst in dit verband op de ontstane situatie bij de school
in Comjum. Ook hij is van oordeel dat de MR duidelijk in het proces betrokken moet
worden. De voorzitter voegt er tenslotte aan toe dat er op dit moment besprekingen
plaatsvinden over een bovenschoolse directie-structuur voor het openbaar onderwijs.
De raad zal hierover t.z.t. worden gei'nformeerd.
It utstel fan it kolleezje wurdt oanslutend yn stimming brocht. It stimmen is skriftlik.
De hear O. Ferwerda wurdt mei 10 stimmen beneamd ta direkteur fan I.B.S. "De
Skule" yn Stiens. Frou T. Wissema wurdt mei 8 stimmen en 2 blanko stimmen
beneamd ta direkteur fan I.B.S. "Oan't Skipperspypke" yn Koamjum. Fierder wurdt
earfol untslach ferliend oan frou T. Wissema as adjunkt-direkteur, de hear H. Dijkstra
as direkteur en de hear O. Ferwerda ek as adjunkt-direkteur. De foarsitter betanket de
hear Dijkstra foar syn ynset as direkteur fan de skoalle yn Koamjum en foar syn ynset
foar it underwiis yn it algemien yn de gemeente.
Sluten (1615 m).
Sa besletten troch de ried niisneamd,
yn syn iepenbiere gearkomste fan
26 juny 1997,
de siktaris,
(J. J| Kingma)