GEMEENTE
LEEUWARDERADEEL 3
Agindapunt: 3.
Utstelnumer: 97/70
Stiens, 17 juny 1997
Underwerp:
feststellen tariedingsbeslut
fam. Herder, H. Hearewei 43, Stiens
Oan
de gemeenteried
De famylje Herder, Hege Hearewei 43 yn Stiens hat by us in oanfraach om fergunning
yntsjinne foar it setten fan in nije wenning, dy't se sette wolle neist har besteande
wenning. By dy yntsjinne oanfraach om fergunning ha sy skriftlik ferklearre dat de
besteande wenning fuortendaliks sloopt wurde sil, at de nije wenning klear is.
It jildende plan butengebiet stiet it foamommen bouplan net ta. De wenrnng sil buten it
boublok boud wurde. It bouplan soe wol realisearre wurde kinne binnen de bepalings sa't
dy yntusken opsteld binne yn it foaruntwerp fan it nije bestimmingsplan butengebiet.
Hoewol't noch gjin ijochtskreft untliend wurde kin oan dy bepalings, miene wy dochs dat
it ferantwurde is yn dit gefal foanit te rinnen op dit nije plan.
Wy binne derom ree meiwurking te ferlienen oan dat bouplan. Meiwurkjen is allinnich
mooglik neffens in kest 19 proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme rie it beslut nimt,
dat foar dat stik grun in nije bestimming taret wurdt. Bygeand fine jo in konsept-beslut
mei byhearrende tekenings. Wy stelle jimme ut dat beslut te nimmen en derby te besluten
it fierder ofhanneljen fan de kest 19 proseduere oan us kolleezje oer te litten.
De kommisje D.O.W. hat mei us utstel ynstimd.
Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel,
de siktaris,
de boargemaster,
J.J. KINGMA
MR. C. BIJL