Om't it winsklik is sa min mooglik yllegale sitewaasjes yn de gemeente te hawwen, soe ek oan dizze kwestje in em komme moatte. No 't de hear Jansma it plan hat nij te bouwen untstiet in nije sitewaasje, der't de saak by legalisearre wurde kin. by b. Wy kinne opmerke dat de hear Jansma yn de hjoeddeiske sitewaasje yn de besteande bebouwing as hobby oan auto's sleutelet. Om't er dy aktiviteiten yn it begin net neffens de regels utfierd hat, hat de hear Jansma maatregels nimme moatten en hat er as gefolch fan de AMvB garaazjebedriuwen in melding dwaan moatten. Munling hat de hear Jansma oanjun dat er syn aktiviteiten net utwreidzje sil. Hy ferwiist derby nei it feit dat er de leste tsien jier ek gjin oerlest feroarsake hat. Uteraard kin oan dy tasizzing twifele wurde. Earst nei ofrin kin yn soksoarte gefallen lykwols konstatearre wurde at de tasizzing neikommen wurdt. Wy sille derom at de nijbou klear is op it plak sels neidruklik tafersjoch halde op de aktiviteiten dy't Jansma utoefenet. Alles oerwaagjende binne wy ree meiwurking te ferlienen oan dat bouplan. Meiwurkjen is allinnich mooglik neffens in kest 19 proseduere. Derta is it needsaakhk dat jimme rie it beslut nimt, dat foar dat stik grun in nije bestimming taret wurdt. Bygeand fine jo in konsept-beslut mei byhearrende tekenings. Wy stelle jimme ut dat beslut te nimmen en derby te besluten it fierder ofhanneljen fan de kest 19 proseduere oan us kolleezje oer te litten. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 20