GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 9 Agindapunt: 9. Utstelnumer: 97/76 Stiens, 17 juny 1997 Underwerp: bestjoerlik kreftbondeljen iepenbier basisunderwiis Oan de gemeenteried Neffens it hjoeddeistich kabinet is de middele bestjoerlike skaal yn it primer underwiis te lyts om op ferantwurde wize personielsbelied, materieel belied en belied oer organisaasje en management fiere te kinnen. It kabinet hat derom de "Stimuleringsregeling bestuurlijke krachtenbundeling primair onderwijs" yn it libben roppen. Dy regeling foarsjocht yn in jierlikse bydrage fan 150.000,-- foar maksimaal 5 jier foar skoalbestjoeren dy 't fusearje sille of in gearwurkingsferban foarmje sille. Gearwurkingsferbannen moatte underling binende ofspraken meitsje op it gebiet fan personielsbelied en materieel belied om foar subsydzje yn oanmerking te kommen. Fierder halde de dielnimmende bestjoeren harren selsstannigens. De algemiene ferwachting is dat it kabinet nei ekspiraasje fan de stimulearringsbydra- geregeling yn 2002 oergean sil ta fierder fergrutsjen fan de autonomy fan skoal bestjoeren. Dertroch sille de bestjoeren mei gruttere risiko's konfrontearre wurde. Om dy risiko's ferantwurde yn 'e mjitte te sjen moat in skoalbestjoer of gearwurkings ferban neffens it kabinet op syn minst 2000 learlingen, 80 formaasjeplakken of 10 skoallen omfiemje. De iepenbiere basisskoallen yn Menameradiel, it Bildt, Ljouwerteradiel en Ferwerte- radiel foldogge oan dy kriteria. Derom stelle wy jimme rie ut mei dy gemeenten in gearwurkingsoerienkomst oan te gean. In konsept-oerienkomst fine jimme bygeand. Oer de tekst fan de oerienkomst is oerienstimming berikt mei de oare kolleezjes, de bestjoerskommisjes foar iepenbier underwiis, de mienskiplike meisizzenskipsrieden, en de funksjonele riedskommisjes. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 34