GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 10 Agindapunt: 10. Foarstelnu.: 91/11 Stiens, 18 juny 1997 Underwerp: rinteleaze liening Radio Middelse Oan de eemeenteried Yn de riedskommisje Wolwezen fan maaie is de stan fan saken oan de oarder west oangeande de gearwurking tusken Radio Middelse en Lokale Omrop Ferwerteradiel. Doe is in finansjeel fergelyk makke tusken Ferwerteradiel en us gemeente. Dat stik fine jimme yn de riedsportefulje. Radio Middelse freget us lykwols ek it bedrach fan de rinteleaze liening te ferheegjen nei 20.000,--. Dit betsjut feitlik in ferheging fan 16.000,-, om't der noch in liening fan 4.000,- stiet. Der wurdt 2.000,- yn't jier op oflost. Om ynvestearrings dwaan te kinnen freget Radio Middelse oan sawol Ferwerteradiel as oan us gemeente in rinteleaze liening fan 20.000,—. Konkreet betsjut soks derom foar us dat ffege wurdt de rinteleaze liening mei 16.000,— te ferheegjen. Wy stelle jimme rie ut de rinteleaze leaning foar Radio Middelse fan 4.000,— nei it bedrach fan 20.000,-- te ferheegjen, under deselde betingsten dy't no jilde. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 35