GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1A Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 maaie 1997 Oanwezich: de hearen J.W. Admiraal, G.J. Fokkema, A. Dijkstra, D. Bijlsma, H.A.J. Boersma, J. de Vries, W. Ekas, R. Ketellapper, B. Lageweg en drs. G. Poortinga en de wethalders de hearen S. Jansma en B.H. Klaassens Ofwezich mei kundskip: frou F. Haites Foarsitter: de hear Mr. C. Bijl Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 1. It feststellen fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 24 april 1997 Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Admiraal, Poortinga, Bijlsma, wethalder Klaassens en de foarsitter. De hear Admiraal seit dat sin Fierder freget personielsbesetting" op side 2 it wurd "kritisch" krekt likegoed negatyf as posityf bedoeld is. Yn dat ferban doelt er op de relaasje personiele besetting en slutingstiid/tiden. De hear Poortinga freget by punt 2 at it brief fan de hear Tienstra al behannele is. De voorzitter antwoordt dat de brief moet worden toegevoegd aan onderdeel D hetgeen inhoudt dat deze nog niet is afgehandeld. De hear Bijlsma heakket der yn in reaksje oan ta dat er in soarchfaldige behanneling mei gauwens foarstiet. Yn dat ferban ferwiist er nei de behanneling fan it underwerp yn 'e kommisje en it antwurd fan it kolleezje. De hear Jansma antwurdet dat it punt yn 'e earstkommende kommisje DOW op 'e nij agendearre wurde sil. Boppedat is de sitewaasje wat wizige. It wachtsjen is noch op in advys. Oer punt 6 dielt de hear Poortinga mei dat er tsjin it utstel stimd hat. De hear Bijlsma seit by punt 11 dat hy yn dy gearkomste oandacht frege hat foar de posysje fan de Wereldwinkel. It kolleezje hat yn dy gearkomste in tasizzing dien. -0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0- 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 6