Ferkearsstruktuerskets 97/57 - 0551 m. Der komme de hearen Poortinga, Bijlsma, Lageweg, Admiraal, wethalder Jansma en de foarsitter oer oan it wurd. De hear Poortinga fynt dat it utstel net wurket oan in beliedsfisy. Der is heechut sprake fan in knelpuntenynventarisaasje. Ek hat er begrepen dat in bepaalde kommisje har ynbring yn it utstel net weromfine kin. Hy kin him dan ek net lykfine mei it utstel. Der moat earst in goede ynventarisaasje komme. De hear Bijlsma konstatearret dat it utstel net oars is as by de behanneling yn de kommisje. It utstel jout de hjoeddeiske stan fan saken wer. De kosten dy't makke wurde moatte foar in ynventarisaasje achtet hy net just. Hy ferwachtet mear in takomstfisy. De no oanhelle oplossings fynt hy te beheind en der kin hy net safolle mei. Hy hie leaver in folslein plan han, mei alle "ins en outs". De hear Lageweg hat ut de stikken opmakke dat de skets noch makke wurde moat. Hjir kin praat wurde oer in offerte. De uteinlike untwikkeling fynt yn nau oerlis plak mei de ferskate belanghawwenden. De hear Admiraal seit akkoart te gean mei de troch it kolleezje utstelde oanpak, dy't ferwurde is yn it utstel. It ferfolch moat wol breder utfierd wurde. Wethalder Jansma antwurdet dat de haadlijn no te sjen is. Yn nau oerlis mei ferskate groepen, lykas Ferkearskommisje, Pleatslik Belang, sil de neiere utwurking plak ha. De voorzitter merkt op dat hij tijdens de commissiebehandeling niet de indruk heeft gekregen dat de mening van de vertegenwoordigers niet goed zou zijn overgekomen. Tot slot geeft hij de basisfunctie van een structuurschets aan. It utstel fan it kolleezje wurdt mei 8 stimmen foar en 3 stimmen tsjin (D'66 en FNP- fraksje) oannommen. Ferkearsremmer Feinsum 97/58 - 0946 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Bijlsma, Admiraal, Poortinga en wethalder Jansma. Praat wurdt oer it utfieren fan de remmer. Advisearre wurdt net inselde remmer te pleatsen as yn Aide Leie. De hear Poortinga jout oan dat der ek oare mooglikheden binne, lykas fisuele fersmellings fan de dyk. Wethalder Jansma merkt op dat de sitewaasje yn Feinsum in ferkearsremmer needsaaklik makket. De ynwenners en doarpsbelang geane akkoart mei it utstel. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 8