GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4 Punt fan 'e Wurklist: 4 Utstelnumer.: 97/102 Stiens, 17 septimber 1997 Underwerp: feststelling tariedingsbeslut Oan de rie De hear J. Alberts, Stienzer Hegedyk 33 yn Stiens hat by us in oanfraach om fergunning yntsjinne foar it bouwen fan in garaazje. It bestimmingsplan "Butegebiet", dat jilt, stiet it boppebedoelde bouplan net ta. De garaazje is projektearre buten it op 'e plankaart festleine boublok. It bouplan soe wol realisearre wurde kinne binnen de bepalings fan it foaruntwerp fan it bestimmingsplan Butegebiet dat op it stuit yn proseduere is. Wy binne derom ree meiwurking te ferlienen oan dat bouplan. Meiwurking is allinnich mooglik fia in kest 19 proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme rie in beslut nimt dat foar it niisneamde stik gran in nije bestimming taret wurdt. Bygeand fine jimme in konsept beslut mei in byhearende tekening. Wy stelle jimme ut dat beslut te nimmen en tagelyk te besluten it fierdere ofhanneljen oan us kolleezje oer te litten. De riedskommisje D.O.W. hat mei it bouplan ynstimd. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 16