GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 10 Punt fan 'e Wurklist: 10 Utstelnumer.: 97/108 Stiens, 17 septimber 1997 Underwerp: wizigjen mienskiplike regeling "Gemeenschappelijke Afstemmingsorgaan Onderwijsbegeleiding Friesland" MSU Oan de rie Fan it MSU hawwe wy koartlyn in brief krigen oer it (tekstueel) wizigjen fan de mienskiplike regeling "gemeenschappelijk afstemmingsorgaan onderwijsbegeleiding Friesland" dy't ferline jier feststeld is. No't it kolleezje fan deputearre steaten de regeling goedkarre sil, hat sy in trije tal opmerkings makke. De wizigings, likegoed as de mienskiplike regeling, lizze yn 'e riedsportefulje op besjen. De riedskommisje wolwezen kin har yn 'e wizigings fine. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 55