10. Utstel oaneeande ferbou supermerk Wassenaar ta Albert Heiin supermerk. 97/93 - 1855 m. Der komme de hearen Poortinga, Ketellapper, Admiraal en de foarsitter oer oan it wurd. Hoewol't de situearring fan de supermerk goed is, fynt de hear Poortinga wol dat de kommende nije sitewaasje de gelegenheid is om ek daliks it ferkear, benammen it parkeaijen, goed te regeljen. Dat moat net efterof nochris barre hoege. Hy fynt dat op dit stuit unfoldwaande yn de plannen werom. De hear Ketellapper is fan betinken dat it hiele plan der goed utsjocht en dat it der foar de buert ek net minder fan wurden is. It kolleezje is der goed mei omsprongen. Yn ferban mei de oanpassingen fynt de hear Admiraal it bruken fan in stikje fan it park in ofweaging wurdich. It ferminderjen fan oerlest foar de buert is in goed ding. De voorzitter zegt dat het zoeken naar een zekere balans t.a.v. verkeersveiligheid, buurt, verkeer en park heeft geleid tot een aanvaardbaar resultaat. Besletten wurdt neffens it kolleezjefoarstel. 11. Utstel oangeande ferkeap grun Jelsum. 97/94 - 1986 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezjefoarstel. 12. Utstel oangeande wervndieling Aldlansdvk te Stiens. 97/95 - 1992 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Poortinga, Boersma, Bijlsma, Admiraal, Ketellapper, De Vries, wethalder Jansma en de foarsitter. De hear Poortinga fynt it utstel fan it kolleezje djoer yn ferhalding ta it troch him ferwachte effekt fan de maatregels. Hy hat syn twivels oer de ferkearstechnyske motivearrings fan it ferhaal. Sels pleitet er foar ynearsten in goedkeaper eksperimint. Dan sil, ek finansjeel, better ynsjoch krigen wurde en kin de definitive maatregel yntegrearre wurde yn it hiele ferkearsplan foar Stiens. De hear Boersma is wiis mei it feit dat tasizzingen oan de bewenners neikommen wurde en dat de utfiering in stik goedkeaper wurdt. De hear Bijlsma wiist ek op de needsaak fan in ferkearsplan. Mei de foarstelde oanpak krijt de Aldlansdyk in kwalitative oppepper dy't ek wichtich is foar Maartens- wouden. Fierder wurdt troch him omtinken ffege foar it daliks meinimmen fan de ferbettering fan de riolearring. De hear Admiraal seit dat it hjir ek giet om in stikje doarpsfemijing. Lykas de hear Boersma is er benijd nei it resultaat fan it oerlis mei de bewenners. Op grun fan de bystelde sifers, it stikje doarpsfemijing en de provinsjale subsydzje kin de hear Ketellapper him yn it foarstel fine. De hear De Vries giet ek akkoart en merkt op dat wer't yn it foarstel as haadrute P.J.-strjitte stiet dat G. Japicxstrjitte weze moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 9