GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4 Agindapunt: 4. Foarstelnu.: 97/118 Stiens, 22 oktober 1997 Underwerp: wiziging reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried Oan de gemeenteried Yn kest 14 fan it reglemint fan oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried is opnom- men op hokker wize it ferslach lizzen plakfme moat. Ut effisjinsy eachpunt en om misferstannen foar te kommen is it winsklik de makke ofspraken te femijen. Fan us ut wurdt utsteld yn it ferfolch de riedsgearkomsten, sa't dat no ek al bard, op geludsban fest te lizzen en dy op syn minst salang te bewaijen dat gearkomsten fan de hiele eardere sittingsperioade yn it gemeente-argyf te finen binne. It skriftlik ferslach lizzen sil him beheine ta in beslutelist. Op dy belutelist sil neist in tal gebruklike saken allinnich it nommen beslut, de stimferhalding en by haadlik stimmen de nammen fan de foar- en tsjinstimmers komme te stean. Yntegraal sil yn de belutelist opnommen wurde de teksten fan de yn 'e gearkomste yntsjinne ynisjatyfutstellen, utstellen fan oarder, moasjes, amindeminten en sub-aminde- minten. Oan 'e beslutelist fan de begruttingsgearkomste, sille as bylage taheakke wurde de teksten fan de troch de ferskate fraksje ynlevere en halden skogings. It niisneamde is oan 'e oarder west yn 'e riedskommisje ABS fan 16 oktober lestlyn. De kommisje kin har yn mearderheid fine yn it utstel. Utsteld wurdt te besluten kest 14 fan it reglemint fan oarder foar de gearkomsten te wizigjen as werjun yn bygeand untwerp-beslut. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de foarsitter, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 13