GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 7 Agindapunt: 7. Foarstelnu.: 97/121 Stiens, 22 oktober 1997 Underwerp: isolaasje wenten oan de Tsjessingawei yn Jelsum Oan de gemeenteried De planning fan de SGV Marssum-Jelsum foarsjocht fan't jier noch yn 'e isolaasje fan de wenten oan de Tsjessingawei yn Jelsum. De tastan fan in part fan dy wenten is te ferlykjen mei dy oan de Martenawei en de Finsterbuorren. Isolaasje en wenningferbetteijen binne allinnich ut te fieren at de utfiering yn in kluster utfierd wurdt en de kosten fan de needsaaklike wenningferbettering foar in wichtich part yn 'e foarm fan in subsydzje fergoede wurdt. Wy hawwe dy klusterwenten foardroegen by de provinsje foar subsydzje yn it ramt fan de steds- en doarpsfemijing. De provinsje hat besletten dy oanfraach te honorearjen oan it bedrach fan 79.472,-- ta. Betingst is, dat de gemeente ek in substansjele bydrage ferliene moat. Foarhinne moast dy like grut weze as de bydrage fan de provinsje (50 - 50 basis). No is ferhalding fan omendeby 60 - 40 ek goed. Soks betsjut dat de gemeente ut eigen middels een bedrach fan sa 'n 50.000,- bydrage moat. By it projekt Finsterbuorren is in subsydzje takend fan 40 persint, mei op syn heechst 36.000,- de wente. Nei us betinken moatte dy sifers ek hantearre wurde by de Tsjessin gawei. Der is dan in totaalbedrach nedich fan 136.404,-; foar rekken fan de gemeente komt dan 56.932,—. Oant no ta hat de provinsje tastien dat de gemeente "ut eigen middels" puttet ut it by de provinsje oanwezige funs foar it ferbetterjen fan wenten yn de gemeenten Menaldumadeel en Ljouwerteradiel, dat leit yn it geludsbelestende gebiet om de fleanbasis hinne. Dat funs is ynmiddels utputte. Derom moatte no de algemiene middels fan de gemeente oansprutsen wurde. Wy ha der yn 'e begrutting al rekken mei halden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 21