GEMEENTE
LEEUWARDERADEEL
8
Agindapunt: 8.
Foarstelnu.: 97/130
Stiens, 18 novimber 1997
Underwerp:
skriuwwize strjitnammen
Oan
de gemeenteried
Nei't koartlyn bliken dien hat, binne der in tal riedsbesluten oer stjitnamjouwing
dy 't fragen oproppe oer de skriuwwize.
Het is wis dat yn inkele (aide) riedsbesluten de nedige typeflaters steane.
Yn oare besluten is op sa'n wize skrast dat ien en oar net mear dudlik is.
Ta einbeslut binne der strjitnammen der't alhiel gjin riedsbeslut fan werom te finen
is.
Undanks it feit dat de riedsbesluten yn it ferline net altyd like korrekt of dudlik
ofhannele binne, binne de strjitnammen yn 'e praktyk wol goed ferwurke, bygelyks
op 'e strjitnambuorden.
Ek yn de automatisearre GBA en it eartiidse befolkingsregister binne de strjitnammen
korrekt opnommen, sa't de rie se bedoeld hat. In grut tal nammen wurdt dan ek al
(tsientallen) jierren sunder problemen brukt.
Mar, formeel sprutsen, is it ien en oar net mei elkoar yn oerienstimming.
De strjitnammen dy's skreaun steane yn'e list dy't op besjen leit binne yn de GBA
opnommen. Soks haldt under oaren yn dat likegoed de ynteme as de eksteme
ofnimmers dy skriuwwize hantearje.
Foar de ofnimmers fan de GBA binne de gegevens ut de GBA bepalend.
Om de teory yn oerienstimming te bringen mei de praktyk stelle wy jimme ut de
skriuwwize fan de strjitnammen fest te stellen sa't oanjun is op de strjittenlist dy't
op besjen leit.
Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel,
de siktaris,
de foarsitter,
J.J. KINGMA
MR. C. BIJL