Nettsjinsteande dat wy in relatyf lytse gemeente binne, en dat wy us ek foarstean litte op koarte linen, untkomme wy ek net oan langdurige prosedueres. Yn de skogings fan 1994 hawwe wy in utstel dien om sa gau mooglik oer te gean ta de bouw fan in alderein kompleks yn us gemeente. Yn deselde skogings hawwe wy it ien en oar sein oer de ynfolling fan it sintrum fan Stiens. Wy finne it spitich, dat de saken sa ferhipte dreech geane en it duorret ek noch wol in jier foar't der wat stiet yn it Waling Dykstra park. Gelokkich komt der wat skot yn it untwikkeljen fan it alderein kompleks, mar einliks it it 2 jier te let. En fan de ynfolling fan it sintrum Stiens hawwe wy de leste tiid neat mear heard. Stiet de saak der faaks stil? Foarut si en. It CDA hat har, uteraard soe ik hast sizzze, mei ferantwurdlik fielt foar it bestjoeren fan dizze gemeente. We hawwe meardere kearen de finger by in wat al te maklik fmansjeel belied lein. De goedkeapste oplossing hawwe wy foarich jier sjoen, om yn earsten mar in bedrach ut de algemiene reserve te heljen en dan yn de maaitiid mar besjen om de begrutting run te krijen. Foarsitter, dizze manier fan it feststellen fan in begrutting wolle wy alteast net wer. Foardat wy in oardiel jouwe oer de begrutting foar 1998 wolle wy graach us fisy jaan oer de CDA-iitgangspunten oangeande it beoardieljen fan it finansjeel belied. It moat my fan it hert, dat elts jier wer, yn syn algemienens de begrutting beoardield wurdt op hoe't wy it kommende jier utkomme. De mearjierrenruzing wurdt foar kundskip oannommen, want sa is de redenaasje, der feroaret safolle elts jier, dat sjogge wy dan letter wol wer. Dat haldt yn, dat men al lang bliid is, dat de begrutting sletten makke is en dan is it wer klear. De gefolgen hjirfan binne, dat je hieltyd krapper begjinne te begrutsjen en dat de rek der goed uthelle wurdt. Gefolch, om mar in foarbyld te nimmen: in negatyf rekkenrisseltaat oer 1995 resp. 1996 fan 150.200,00 en 335.500,00. En ik doar de foarsizzing oan, dat ek 1997 negatyf utpakke sil. Wat in pear jier negatyf utpakt, rinne je net samar wer yn. En wat dogge wy, (wy kinne ek net oars) it tekoart mar oanfulle ut de reserves. Dat giet sa maklik no, wylst wy ofsprutsen hawwe, dat wy in reserve halde sille fan sa,'n 10% fan de omset en der site wy op dit momint lang net op. De to tale stan fan de reserves en foarsjennings binne op 1/1/98 sa'n 1 miljoen leger neffens foarich jier. It CDA is fan miening, dat wy in ferantwurdlikheid hawwe foar moam, oare moam, oar jier, kommende jierren, foar de ynwenners dy't hjir no wenje mar ek te wenjen sette. Wy binne fan betinken, dat je gjin wiksel hearre te nimmen op de takomst, want de simpele oplossings, dy't je no nimme, hawwe harren gefolgch foar de takomst. Dat is ek in stikje rintmasterskip. En foarsitter, as je de begrutting goed leze, en it kolleezje is der ek earlik yn, dan binne der in oantal ynteme- en eksteme risiko's dy't us noch wolris goed foar de fuotten rinne kinnne, sa as: "utkearings fan it ryk, klaims fan tredden (in terjochte opmerking neffens us), rinte stigings (it wetter sil net altyd deselde kant utrinne), de stagneaijende ferkeap fan grun op it bedriuwenterrein Middelsee" in minne simmer en dan gans minder besikers fan us swimbad. Demeist binne wy ek hiel nysgjirrich nei de beslutfoarming om mei yngong fan 1999 de ynfestearings oangeande de utfiering fan it Gemeentlik Riolearingsplan yntegraal troch te berekkenjen. Yn elts gefal sil der foar 1998 al wer in greep yn de reserves dien wurde. Spitegemoch hawwe wy yn de ofrune jierren hjir net in goede reserve foar opbout. Neffens us soe it wol in goede saak weze om dat no te dwaan foar de te nimmen maatregels dy't yn de takomst yn it butengebied plakfme moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 10