A1 mei al in bedrach fan 56.720,--. Wat oer is, kin taheake wurde oan de post unfersjoen. De Skalm. Is, wurdt de Skalm de saneamde finansjele bongel oan de poat? Dudlik is wol, dat strukturiel in oplossing fun wurde moat foar de tekoarten, dy't hjir binne. Wy hawwe ofsprutsen, dat wy hjir yn desimber oerprate sille, dat wy sille hjir no net fierder op yngean. Om ta in oplossing te kommen, leit de saak foar it CDA folslein iepen. Alles moat derby besprekber weze. Oangeande de begrutting fan de skalm halde wy in foarbehald. Ombudsman/ frou. Wy hawwe de ofrune jierren in oantal kearen te meitsjen han mei klachten fan boargers. No sil dat net foarkommen wurde kinne, want wer't wurke wurdt, wurde flaters makke. Dat is net oars. Mar wy wolle wol graach in goede gemeente weze foar us boargers en wy wolle ek graach, dat sy harrren gerak krije yn saken, dy't har net noaskje. No kin je sizze, dat der de kommisje Berop- en Bewierskriften foar is, mar dat giet feitlik oer beslissings, dy't de gemeente nommen hat en wer't men it net mei iens is. Saken yn it ynterminslik ferkear komme hjir net oan de oarder en der is neffens us wol behoefte oan. It CDA is in pear kear belutsen west by in kwestje tusken in boarger en de gemeente, mar je sitte dan as riedslid tussen de persoan yn kwestje en de gemeente yn, wer't je dan sels wer diel fan ut meitsje. In net altyd gelokkige sitewaasje. Derom is der alles foar te sizzen om in unofhinklik (betrouwens) persoan oan te stellen, dy't in dit soarte saken bemiddelje kin, wat neffens us rjocht docht oan de boarger. No sil men wol size, dit kostet wer in protte jild, mar dat fait wol wat ta. Earstens komt it gelokkich net al te faak foar en twaddens, rjochtdwaan oan us boarger is muoilik yn jild ut te drukken. Rekreaasie. Foarsitter, ferskate huzen binne der al bout yn it nije bouwplan "it Aldlan". Huzen oan it wetter, it is "yn" om samar te sizzen. Regelmjittich hear je ferskate plannen oer it iepenstellen fan de wetters yn Noard-Fryslan foar de lytse far-rekraasje. Ien fan dy punten is bgl. om de strykdaam by Aldeleie te ferwiderjen. Ek dit is meardere kearen yn dizze rie bepleite. Om de far-rekreaasje te stimulearjen, soe it prachtig weze om in farferbining te meitsjen tusken it nije plan Aldlan en de Feinsumer feart. Ik wit wol, dat sjoen us begrutting dit net op it earste plak komme kin, mar it soe meinommen wurde kinne yn petearen dy't der plak fine oer de lytse far-rekreaasje. Mooglik binne der yn it ramt fan de kommisje Langman jilden of wat foar jilden dan ek wat mooglikheden en F. as dy iepen ferbining der dan is, miskien komt der dan ek wol in skip mei jild lans. De fytspaden hawwe sa njonkenlytsen in wichtig rekreaasje funksje kriegen yn us gemeente. Foaral it fytspaad lans de Dokkumer Ie is in topper. It sukses fan it fytspaad oerstiigt har sels. In neidiel is, dat je simmers net neist inoar fytse kinne, om't it sa drok is. No is dat foar de measte fytsers it slimste net, tinkt us, mar in probleem is wol, dat de minder-falide cq. ynvalide minsken muoiklik sanet unmooglik mei bgl. in skootmobyl gebruk meitsje kinne fan it fytspaad. It is simpel wei foar dizze kategory minsken te smel. Konkreet betsjut dit, dat it CDA graach besjen wol, hokfoar mooglikheden der binne om it fytspaad te ferbreedzjen en te undersykjen wat de kosten hjirfoar binne en as der ek jild foar beskikber stelt wurde troch oare dan gemeentlike boamen. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 12