De utbreidingsplannen yn us gemeente rinne flot. Foar us begruttingsposysje perfoast net ungeunstich. Tink allinne mar oan de mearynkomsten fan de unreplik guod belesting, ek de risiko-faktor fan it grunbedriuw wurdt hjir troch geunstich beynfloede. Nei us miening sit der lykwols ek in skaadkant oan. Ferskate, mei namme agraryske bedriuwen komme tige ticht by de nije bebouwing. De mooglikheid dat hja hjirtroch hindere wurde yn harren bedriuwsfiering of eventueel fereaske utwreiding liket us libbensgrut oanwezich. Hat it kolleezje dizze probleraen under eagen sjoen en hoe tinkt men hjir mei om te gean? Ta oansjen fan de feiligens yn us gemeente kinne we konstatearje dat men himsels hjir redelik feilich fielt. It is lykwols saak de finger oan de pols te halden. Ut undersiik, dien troch de plysje, is nei foaren kommen dat der inkelde saken utkypje, lykas ofwykjend ferkearsgedrach. Sokke saken moatte passende oandacht ha. It is bekend dat de VVD-ffaksje der altyd foarstanner fan west hat, dat der mei it jaan fan opdrachten oan it bedriuwslibben, troch de gemeente, meardere offertes frege wurde moat te. Dit prinsipe kin uteraard ek foar it opstellen fan bestemmingsplannen tapast wurde. Hjir sit net allinne in finasjele kant oan mar ek in oare wize fan benaderjen. Dit soe wolris ta ferrassende utkomsten liede kinne, dit kin de diversiteit yn us gemeente befoarderje. len fan de taken fan de gemeente is de himmeltsjinst, de kosten hjiroan ferbun, femimt elts yn de beurs. De ferdieling fan dizze kosten wurde net altyd as tige, rjochtfeardich besjoen. Hjiroer is wol faker praat, mar wy binne dochs fan miening dat in rjochtfeardiger kostenferdieling de foarkar ha moat. Hjirby tinke wy bygelyks oan in systeem der't men per gewichts-ienheit ofrekkenje moat. It argument dat je dan offaltoerisme utlokje kin in neideel weze. Der sil undersocht wurde moatte wat de foardielen binne en dan alle saken hifkje. Kin it kolleezje us tasizze dat sa'n undersiik op koarte termyn plak fine kin? By ofeart tinke wy fansels ek oan datjinge wat troch it rioel wei wurdt. Foarskriften moatte seker ek troch de oerheid neikommen wurde. Foar us gemeentlik rioelstelsel betsjut dit wol in renovaasje, dy't uteindelik yn de foarm fan in rioelheffing troch de burger betelle wurde moat. Hjirtroch bliuwt der by de minsken minder jild oer om oare dingen mei te dwaen, tink hjirby oan de fmansiering fan nij belied, dit is lykwols ek nij belied, mar it wurdt jin oplein troch de ryksoerheid. In neidiel yn dizze is dat je it under de grun triuwe sadat men der neat fan sjocht, it sil dochs net oars kinne. Ik wol der al op wize, dat wy fan betinken binne dat jo mei soks net yn de hjerst utein sette moatte, it jowt dochs al oerlest genoch. Wol it kolleezje besykje der oan mei te wurkjen dat de oerlest ta in minimum beperkt bliuwt? Mei it kolleezje binne wy fan betinken dat de hertaksaasje mei betrekking ta de unreplik guod belesting net neidielich utpakke mocht foar de ynwenners fan us gemeente. Dit hie ta gefolch dat de taryfstelling feroare wurde moast. Dizze taryfbystelling wie sadanich dat it foar de gemeente sels ferkeard utpakte. As men beslut in saak budgettair neutraal ferinne te litten betsjut dat, dat it foar beide partijen jilde moat. Wy binne wend, makke ofspraken nei te kommen en sille us dan ek net fersette tsjin de foarstelde 3% korreksje. Oanpassingen fan ferskate tarieven dy't yn wezen kostendekkend hearden te wezen kinne wy ek yn meigean. De oanpassingen sa't dy steld wurde ta oansjen fan de unreplik guod belesting ha wy mear muoite mei. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 15