GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 jannewaris 1998. Oanwezich: de froulju F. Haites, R. Glas en de hearen J. Admiraal, A. Dijkstra, D. Bijlsma, drs. G. Poortinga, H.A.J. Boersma, J. de Vries, B. Lageweg, W. Ekas, R.A. Ketellapper en de wethalders S. Jansma en B.H. Klaassens. Foarsitter: de hear drs. M. Abma Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban II - 0000 m. De hear Abma hopet as interimfoarsitter fan de rie op in goede gearwurking. De hear Dykstra hjit de hear Abma ut namme fan alle fraksjes fan herten wolkom, winsket him sukses yn syn tydlike funksje en sprekt syn fertrouwen lit yn in meielkoar opar- beidzjen. 1. Fpststelling fan de beslutelisten fan de gearkomsten fan de 18e desimber, 29e riesimher 1997 en de 8e jannewaris 1998. De hear Admiraal stelt foar de moasje fan de gemeente Ljouwert oangeande de W.I.W. te stypjen mei in skriftlike reaksje. Mei dat foarstel wurdt unanym ynstimd. Op de fraach fan de hear Bijlsma oft der foar de gearkomste fan 5 febrewaris oangeande it butengebiet noch neiere advizen fan it kolleezje te ferwachtsjen binne, antwurdet de foarsitter dat de miening fan it kolleezje letter foarme wurdt. Beslutelist 29 desimber 1997: de fraksjefoarsitter fan de FNP hat net oan it wurd west, de fraksje sels lykwols wol. Beslutelist 8 jannewaris 1998: side 4: "aktyf' behearskjen fan de Fryske taal y.p.f. "passyf'. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 98/3 - 384 m. B1 (concept verslag DOW): Op de fraach oft der by de bou fan Albert Heijn meardere tekeningen west ha sil yn kommisjeferban weromkaam wurde. -0-0-0-0-0- 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 4