CI (Boomfeestdag): Ljouwerteradiel hat yn 1997 wol meidien (Doniastate). C4 (schriiven PAC-Friesland inz. rapnort over gebruik alcohol in Friesland): De hear Poortinga referearret oan syn eardere litspraken oangeande it bruken fan alkohol yn sportkantines ensfh. Hy sprekt foaral syn ungerestens ut mei it each op de jongerein. De foarsitter seit ta dat der meidertiid in diskusje oer fierd wurde sil yn de kommisje ABZ. Utstel oangeande it ofstiitten fan iepenbier grien. 98/4 - 567 m. De hear Bijlsma stelt foar om it utstel op dit stuit werom te nimmen en der yn kommisjeferban noch ris goed nei te sjen. Mei it each op noch iepenlizzende fragen en soarchfaldichheid kin in mearderheid fan de rie him der yn fine. Yn de kommisjegearkomste sil ek de brief fan de bewenners fan de Trompethoam behannele wurde. Oangeande de ferkeap fan iepenbier grien yn Aide Leye (nr. 83) sil it kolleezje mei in apart advys komme. Utstel oangeande tariedingsbesliit. bouplan B.F. Schipper. 98/5 - 897 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan it kolleezje. Utstel oaneeande tariedingsbesliit, bouplan G. Bakker. 98/6 - 900 m. Sunder haadlike stimming wurdt besletten neffens it utstel fan boargemaster en wethalders. Utstel oangeande tariedingsbeslut, bouplan Hoornstra. 98/7 - 933 m. It foarstel fan de hear Poortinga om it utstel oan te halden, wurdt fersmiten mei 3 stimmen foar en 10 stimmen tsjin. De ffaksjes fan de FNP en D66 binne foar, de oare fraksjes tsjin. Demei wurdt it utstel fan it kolleezje yn stimming brocht. Dat utstel wurdt oanfolle mei de tasizzing dat advys frege wurde sil oan de stedeboukundige oangeande de juridyske krektens fan it besliit om gjin meiwurking mear ta te sizzen oan soartgeli- kense fersiken dy't fan dit stuit of by it kolleezje yntsjinne wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 5