GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 10 Agindapunt: 10 Foarstelnu.: 98/24 Stiens, 12 febrewaarje 1998. Underwerp: ferfangen alarmuntfangers en kompjuter Oan de Gemeenteried Fan it bestan alarmuntfangers fan de branwacht binne de ofrune 2 jier in 7-tal ofkard en net mear te meitsjen. As we sjogge nei de aldens fan likemoch 12 jier ofset tsjin in ofskriuwingstermyn fan 7 jier, jout dat oan dat rom oan de ferwachtings foldien is. Omdat hja op dit stuit troch it reservebestan hinne binne en der noch in tal untfangers fan behoarlike leeftyd yn gebruk binne, stelle wy foar om oer te gean ta ferfanging fan in 4-tal alarmuntfangers, en der in kredyt fan 5.200,-- foar beskikber te stellen. De kompjuter dy't no troch de kommandant branwacht brukt wurdt hat in te lytse kapasiteit en in te lytse snelheid om noch oan de easken fan de modeme programma's (under windows 95. CAD en sa), der't de branwacht ek oer beskikt, foldwaan te kinnen. De kosten foar sa'n ferfanging bedrage 2.500,--. Wy stelle jimme foar om der in kredyt foar beskikber te stellen. Foar it oare ferwize wy jimme nei de advizen fan de kommandant branwacht en de ofdieling fmansjes. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. M. ABMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 63