De fraach oft by agraryske bedriuwen yn it butengebiet yn 'e takomst wer in maksimum fan 80.000 piken hantearre wurde kin, sil ek foarlein wurde. As beide fragen net posityf beantwurde wurde troch de stedeboukundige, sil it utstel as ofwiisd beskoge wurde en oanholden wurde. Boppeneamd utstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei 10 tsjin 3 stimmen. De ffaksjes fan PvdA, WD, CD A en Gemeentebelangen binne foar, dy fan FNP en D66 binne tsjin. Utstel oangeande it feststellen fan it Konvenant Duorsum Bouwe. 98/8 - 1913 m. Sunder haadlike stimming wurdt besletten neffens it foarstel fan boargemaster en wethalders. It kolleezje seit ta dat de utfiering bepraat wurdt sil yn de kommisje DOW. Utstel oangeande Stichting "De Skalm". 98/9 - 1955 m. Nei in wiidweidige diskusje wurdt it foarstel fan de hear Ekas yn stimming brocht om it utstel werom te nimmen. Nei syn betinken is der mear ynformaasje nedich ear't der in beslut naam wurde kin. Dat utstel wurdt fersmiten mei 3 stimmen foar en 10 stimmen tsjin. Foar it utstel stimme de hearen Ekas, Lageweg en Ketellapper. Demei wurdt it utstel fan it kolleezje punt foar punt yn stimming brocht. Oan de stimming wurdt net dielnommen troch de hearen Ekas, Lageweg en Ketellapper dy't de seal ferlitte. Besletten wurdt neffens it utstel fan it kolleezje. Mei de punten c., d., e., f., h., i., j. en k. wurdt unanym ynstimd. Punt a. (fleksibeler iepeningstiden "De Foyer"/taakstelling 10.000 oan Stichting "De Skalm") binne mefrou Glas en de hearen Admiraal en Poortinga op tsjin. De oaren binne foar. Punt b. (konkurrinsjebetingst Stichting "De Skalm") binne de hearen Bijlsma, Dijkstra en Poortinga op tsjin. De oaren binne foar. Punt g., underdiel b. (foar 1998 maksimale subsydzje eksploitaasje "De Foyer" fan 18.000) binne mefrou Glas en de hear Admiraal op tsjin. De oaren binne foar. Utstel oangeande de beneaming lid Sportadvyskommisie. 98/10 - 3062 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wordt besletten neffens it kolleezjefoarstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 6