GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 15 Agindapunt: 15 Foarstelnu.: 98/29 Stiens, 24 februari 1998 Underwerp: brief FNP fan 23 febrewaris 1998 oer ferskate saken. Pan de gemeenteried. Op fersyk fan de FNP pleatse wy boppesteande brief as oanfoljend punt (nr. 15) op de aginda foar de riedsgearkomste fan 26 febrewaris oankommend. De brief is foar us oanlieding jimme it folgjende foar te halden. Aldeleie (Skreaun nei de stavering fan de Ried foar de Fryske Beweging) Frjemd, dat de FNP sa koart fan unthald is troch te skriuwen, dat der yn Aldeleie wezentlik nei 25 jier noch neat feroare is. Der is de leste jierren foar om-ende-by it miljoen ynfestearre yn dat plak. Neist it ferbeterjen fan strjitten en diken binne der ek ferskate maatregels troffen foar it ofremjen fan de snelheid fan it ferkear. Deroer is altyd goed oerlis west mei it doarp en binne adfizen ynwun by saakkundigen. Der is gjin inkelde oanwizing om der fan ut te gean dat de oant no ta nommen maatregels gjin oplossing biede. Wol is bekend dat der in lyts tal ynwenners is, dy't tsjin de nommen maatregels binne. Ek moat konstatearre wurde dat regelmjittich de buorden by de ferkearsdrompels femield wurde. Der sil neigean wurde moatte wa't de dieders binne. Foar it oanpassen fan de bermen en it oanbringen fan beplanting wie gjin jild mear beskikber. Dat is der wol kommen doe't de Lange Hage yn Britsum oergie. It kredyt derfoar is oerbrocht nei Aldeleie. De oanpassing fan de bermen hat ferline jier plak fun. Derby is de hiele dyk yn de trottoirbannen set. Mei doarpsbelang hat oerlis plak fun en fynt oerlis plak oer de beplanting (Der komme hjir en der knotwylgen en wylde blommen lans de Langedyk). Dy sil it kommende foarjier oanbrocht wurde. Britsum. Troch de wethalder is ek sein, dat hy in petear han hat mei in ynstansje dy't belutsen wurde kin by de utfiering fan in doarpsfemijingsplan. Hy hie it foamimmen oer sa'n plan te praten yn de kommende gearkomste fan it kolleezje. Syn sizzen dat der al in plan by de provinsje leit is net krekt. Wol moat dudlik weze dat utfiering fan sa'n plan gans ofhinklik is fan it wol of net krijen fan subsydzje yn it ramt fan de steds- en doarpsfemijing.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 84