Hiium en oare ferienigingen fan doarpsbelang. Jierliks komme wy op besite by de ferienigingen fan doarpsbelang. Dat fynt plak yn it foarjier. Nei de simmerfakansje wurde de risseltaten op in rygje set en wurdt oanjun wat al dan net mei koarten utfierd wurde kin. Op fersyk fan ien fan de ferienings fan dorpsbelang hat us besite yn 1997 earst nei de simmerfakansje plak fine kind. Dertroch is alles wat letter wurden. Begjin dizze wike binne de ferienigingen fan doarpsbelang oanskreaun. Wy binne us der fan bewust, dat it berjocht oan de ferienigingen fan doarpsbelang wat langer duorre hat as gebruklik. Dat komt mei troch wat hjir boppe skreaun is, der't de planning oars troch wurdt en oare saken omtinken ffeegje. Ek de personiele besetting hat dermei te krijen. Foar de utfiering fan dizze plannen binne noch gjin jilden beskikber steld. De prioriteit derfan kin oan de oarder steld wurde by de kommende begruttingsbehanneling. DTD. Boargemaster de siktaris, en wethalders fan Ljouwerteradiel, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. M. ABMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 85