Oan it Kolleezje fan Boargemaster en •*""TWethalders en de Ried fan gemeente Ljouwerteradiel X Ljipstrjitte 1 Stiens Oangeande: Oanfolling op'e wurklist foar de riedsgearkomste 26 febrewaris 1998. Achte Kolleezje en Riedsleden, Nei oanlieding fan de gearkomsten fan de ferienigingen fan Doarpsbelangen Aide Lei.e (d.d. 19-02-1998) en Britsum (d.d. 20-02-1998) en nei oanlieding fan in artikel vn Doarpskrante foar Hijum en Feinsum "De Rattelwachf (jannewaris 1998) en in petear mei fuotbalfeneniging "De Trije Doarpen"" (d.d. 21-02-1998) fersvkje wy it Kolleezje omtinken foar it folgjende. Aide Leie. A1 sunt 1973 binne de vnwenners fan Aide Lei e oant krewearjen foar de feiligens vn it doarp. Yn 1996 is de earste oanset jun ta in tal maatregels. Yn 1997 binne der trije ferkearsdrompels delsetten. Der wiene mear saken (bennoanpassingen en oanbringen fan beplanting) dv't noch utfierd wurde moasten. De berm is hjir en der wat oanfoldmar de beplanting dv't yn oerliz mei Doarpsbelangen yn de maaitiid 1997 oanbracht wurde soe stiet der no noch net. Fierders moatte wy no feststelle dat de drompels gjin oplossing biede foar feiligensproblemen. Ferskate kommisjes ha mei Aide Lei.e te set west mar no is der wezentlik nei 25 jier noch neat feroare. Koart sein, wannear wurde de beamen plante en wat wurdt der no fierder dien oan de ferkearsitewaasje yn Aide Lei.e. Britsum. Yn it ferslach fan 21 febrewaris 1997 fan de jiergearkomste fan Doarpsbelangen Britsum kinne wy leze dat wethalder Jansma seit dat de gemeente drok dwaande is mei de provinsje om subsydzje te krijen foar doarpsfernijing yn Britsum. Op de jiergearkomste (d.d.20-02- 1998) fan Doarpsbelang Britsum seit de wethalder dat it plan foar doarpsfernijing by de provmsje yntsjinne is. De behanneljend amtner fan de gemeente seit op de traach fan de foarsitter fan Doarpsbelang dat it plan noch makke wurde moat. Hwa sprekt hjir de wierheid en hoe stiet it dermei? Hiium It Kolleezje fan B&W hat 22 maaie 1997 op besite west by Doarpsbelang Hijum It is wisansje dat fan sa'n besite in dfsprakelist makke wurdt werfan in ofskrift stjoerd wurdt oan Doarpsbelang. Wy binne no 1998 en de list mei dfspraken Grien ljocht(foar Fryslan

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 86