GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 5 Foarstelnu.: 5 Agindapunt: 98/33 Stiens, 11 maart 1998. Underwerp: feststelling tariedingsbeslut foar bouplan G. Kazimier, Wylde Tulpstijitte 13 te Koamjum. Oan de Gemeenteried. By us kolleezje is in oanfraach om boufergunning ynkommen foar it utwreidzjen fan de wenning Wylde Tulpstijitte 13 te Koamjum fan de hear G. Kazimier. It der jildende bestimmingsplan stiet de foamommen bou net ta. De utbou giet foar in lyts part oer de grinzen hinne fan it boublok. Wy binne ree om meiwurking te ferlienen oan it bouplan. Meiwurking is lykwols alinne mooglik fia in artikel 19-proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar oanbelangjende perselen in nije bestimming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in konsept beslut mei byhearrende tekeningen oan. Wy stelle jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan us kolleezje de fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. De kommisje D.O.W. hat mei dit foarstel ynstimd. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. M. ABMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 22