GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 6 Foarstelnu.: 6 Agindapunt: 98/34 Stiens, 11 maart 1998. Underwerp: feststelling tariedingsbeslut foar bouplan Kooi b.v., Leijester Hegedyk 27 te Aldeleie. Oan de Gemeenteried. By us kolleezje is in oanfraach om boufergunning ynkommen foar it utwreidzjen fan de bedriuwspanen fan de firma Kooi b.v. oan de Leijester Hegedyk 27 te Aldeleie. It der jildende bestimmingsplan stiet de foamonunen bou net ta. It bouplan is pland op grun dy't buten it bouflak fait der't yndertiid in artikel 19 proseduere foar fierd is. It bestimmings plan jout oan de grun der't it bouplan op untwurpen is noch de bestimming 'bysunder agrarysk bedriuw'. Ut soarte sil dy bestimming yn it nije bestimmingsplan Butengebiet wizige wurde yn de bedriuwsbestimming. De utwreiding is needsaaklik foar ferbettering fan de ynteme produksjelinen fan it bedriuw. Ut planologysk eachpunt is de utwreiding ferantwurde. Wy binne ree meiwurking te ferlienen oan it bouplan. Meiwurking is lykwols allinne mooglik fia in artikel 19-proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar de oanbelangjende perselen in nije bestimming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in konsept beslut mei byhearrende tekening oan. Wy stelle jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan us kolleezje de fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. De kommisje D.O.W. hat ynstimd mei dit foarstel. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. M. ABMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 24