GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 7 Foarstelnu. 7 Agindapunt 98/35 Stiens, 16 maart 1998. Underwerp: wiziging bouoardering (5e seaije) Oan de gemeenteried. Yndertiid hawwe jirrane in bouoardering feststeld neffens it model sa't dat troch de VNG gearstald is. By de VNG hawwe wy in abonnemint rinnen wertroch't de gemeente lit en troch in foarstel tastjoerd kriget om de bouoardering oan te passen. Oanlieding foar dizze wiziging is oan 'e iene kant in oanskerpe enerzjypres-taasjekoeffis- jint (epk) en oan de oare kant it yngean fan de tredde trans fan de Algemiene wet bestjoersijocht (Awb). Foaral de wizige Awb hat wat taljochting nedich. Oant no ta koenen amtners de bou stillizze. Mar binnen de systematyk fan de Awb wurdt der fan utgongen dat dat soarte fan besluten yn wezen troch polityk te kontroleaijen bestjoersorganen nommen wurde moat. Binnen de Awb is dat no ymplemintearre en dat fynt syn trochwurking binnen de bouoardering. Us kolleezje is derom it bestjoersorgaan dat de bou stilleit. In praktyske utwurking derfan soe weze kinne dat wy us foech mandatearje oan in amtner of amtners, of dat de portefuljehalder it mandaat kriget. Oer hoe't wy dermei gean sille, beriede wy us noch. Wy stelle jimme foar om ta feststelling fan de wiziging fan de bouoardering te besluten. In konsept-beslut is oanhechte. De neamde ledebrief en de oare stikken dy't mei dat punt te krijen hawwe, lizze foar jimme op besjen yn de riedsportefulje. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. M. ABMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 26