Utstel oaneeande tariedingsbeslut. bouplan A. de Vries. 98/17 - 1106 m. Dat foarstel wurdt oannommen mei 11 stimmen foar en 1 stim tsjin (D66). De hear Poortinga stimt tsjin omdat er gjin antwurd krijt op in troch him stelde ffaach oer it fergrutsjen fan de boublokken. Utstel oaneeande tariedingsbeslut bouplan A. Grit. 98/18 - 1138 m. It kolleezjefoarstel wurdt oannommen mei 11 stimmen foar en 1 stim tsjin (de hear Poortinga). Utstel oangeande tariedingsbeslut, bouplan J.P. Sikkema. 98/19 - 1145 m. Der wurdt besletten neffens it utstel fan boargemaster en wethalders. De hear Poortinga stimt tsjin. Utstel oaneeande Bestioerlike Ferniiing Frvslan. beslutfoarmingsnota "Ta Beslut". 98/20 - 1150 m. Sunder haadlike stimming wurdt ynstimd mei it utstel fan it kolleezje. De foarsitter seit ta dat de formulearring fan side 5 fan it utstel oanskerpe wurde sil. Utstel oangeande it foldwaan oan it bepaalde vn artikel 212 fan de Gemeentewet. 98/21 - 2440 m. Sunder haadlike stimming wurdt de oanbelangjende oardering feststeld. Der sil noch neigien wurde oft de siktaris de ynteme kontrole wetlik sjoen wol dwaan mei. Utstel oangeande belestingoardering troch de vnfiering fan de tredde trans Algemiene wet bestioersriocht. 98/22 - 2499 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezje-utstel. Utstel oangeande de restauraasie fan toer en tsierke N.H. Tsierke. Jelsum. 98/23 - 2505 m. Sunder haadlike stimming wordt besletten neffens it kolleezjefoarstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 6