Oer de wurkwize en de ofhanneling fan soksoarte saken yn it algemien sil ek yn kommisjeferban praat wurde. Fierders wurdt de brief foar kundskip oannommen. Sluting (2935 m.) Sa besluten troch de ried niisneamd yn syn iepenbiere gearkomste fan 26 maart 1998. de siktaris, (J.J. wfingma) (drs, ima Tasizzingen dv't dien binne vn de riedsgearkomste fan 26Tebrewaris 1998. 1. Der sil meidertiid yn de kommisje ABZ in diskusje plak fine oer amtlike integriteit. 2. Yn de kommisje DOW sil tekst en utlis jun wurde oer doarpsfemijingsak- tiviteiten yn Britsum. Benammen helderheid oer subsydzje-oanffagen. 3. De oanffaach fan fuotbalferiening D.T.D. oangeande de ferljochting fan it sportfjild sil behannele wurde yn de kommisje DOW. 4. Lokaal meldpunt Ljouwerteradiel: nei 1 jier evaluaasje yn de riedskommisje Wol- wezen. 5. Minimabelied: de oardering sil op besjen lein wurde en de oanbelangjende publikaasje sil plak fine yn de Stienser Omropper. 6. De begruttingswizigings sille noch yn ofskrift oan de riedsleden tastjoerd wurde. Sy binne wol feststeld. Stiens, maart 1998.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 8