GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 3 Agindapunt: 3 Utstelnumer: 98/62 Stiens, 18 maaie 1998. Underwerp: feststellen tariedingsbeshit foar it bouplan fan F. de Boer, Finsterbuorren 5 yn Jelsum. Oan: de ried. By us kolleezje is in oanfraach om boufergunning ynkommen foar ferbou/nijbou fan de wenning Finsterbuorren 5 yn Jelsum fan de hear F.de Boer. Dy wenning wurdt renovearre. De wurksumheden wurde tagelyk litfierd mei de wurksumheden fan it Nibag, it oanbringen fan ludkearende foarsjennings. De ferbou fan de hjoeddeiske wenning hat in fergrutting fan it beboude opperflak ta gefolch. Dertroch wurdt oer de begrinzing fan it op de jildende plankaart feststelde boublok hinne gien.lt op dat plak jildende bestimmingsplan stiet de foamommen bou dan ek net ta. Wy fine meiwurking oan it bouplan lit stedeboukundich en planologysk eachpunt akseptabel. Derom binne wy ree dochs meiwurking te ferlienen oan it bouplan. Meiwurking kin allinnich mar fia in kest-19 proseduere. Derta moat jimme ried it beslut nimme dat foar dy stikken grun in nije bestimming taret wurdt. By dit utstel fine jo in konsept beslut mei de derby hearende tekenings. Wy stelle jimme ut dat besliit te nimmen en derby te besluten de fierdere behanneling fan de kest-19 prosedueres oan us kolleezje oer te litten. De kommisje D.O.W. hat op 12 maaie lestlyn ynstimd mei dit utstel. Nei oanlieding fan ferskate ynspraakreaksjes is yn dy gearkomste praat er it wol of net passen fan it bouplan yn it karakter fan de Finsterbuorren. Demeist is troch ynsprekkers yn de gearkomste oanjun dat yn it ferline elkenien mei de yntegrale oanpak fan de buurt meidien hat. In pear personen stelle no dat hja net meidien hiene at sy witten hienen dat hja ek ferfangende nijbou dwaan mocht hie. Oer de fraach at it bouplan past binnen it karakter fan de Finsterbuorren ferwize wy jo nei it advys fan de wolstanskommisje dat derop in antwurd jout. Dat advys is posityf. De wolstanskommisje hat yn har advys it bouplan op harsels beoardiele, mar hat derby ek sjoen nei de relaasje fan it bouwurk yn de omjouwing. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 17