Hoewol't wy begrip opbringe kinne foar de miening fan buurtbewenners oer it uterlik fan it bouplan sjogge wy gjin oanlieding om yn dat gefal of te wiken fan dat wolstansadvys. Ferskate eardere bouplannen dy't foar wolstansbeoardieling foarlein binne, binne ofkard. A1 dy plannen foarmen in te grutte dissonant yn it besteande boubyld. It no foarlizzende plan is, mei fanwege it materiaalgebruk fan de boppe- bouw, beoardiele as akseptabel. Ta einbeslut merke wy op dat de measte wennings oan de Finsterbuorren yndertiid yn klusterferban isolearre binne. Elkenien hat frijillich de kar meitsje kinnen deroan mei te dwaan of net, sa't gebruklik is by de wurksumheden dy't trouwens troch de Stichting Geluidwerende Voorzieningen utfierd binne. It kin uteraard foarkomme dat immen fan in destiids nommen beslut spyt krijt. Boargemaster de siktaris en wethalders fan Ljouwerteradiel, de boargemaster, J.J. KINGMA DRS. M. ABMA 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 18