GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 23 april 1998. Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijkstra, D. Bijlsma, B. Lageweg, W. Ekas, A. Elgersma, R.A. Ketellapper, J.S. Keizer, J. Stienstra en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Foarsitter: de hear drs. M. Abma Siktaris: de hear G. Dijkstra Ban I - 0000 m. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 26e maart 1998. Wat it utstel "ofstjitten fan iepenbier grien neffens de aide regeling" oanbelanget, wurdt de FNP achte tsjinstimd te hawwen by de numers 18 oant 23 en numer 84. By it utstel oangeande appartemintekompleks Van Wyckelstrjitte hat it CD A gjin stimferklearring oflein. Fierders sille noch tekstuele wizigingen yn data en undertekening oanbrocht wurde. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 98/42 - 206 m. CI ("ferfangingssitewaasie underwits): De hear Dijkstra seit dat in tekoart oan ynfalkreften yn de boppebou in hege druk jout en dat der in strukturele oplossing nedich is. Ek moat sjoen wurde nei de status fan ynfalsters. Mefrou Haites hat ek de noadige soarch oer de tastan op dit stuit. It kolleezje seit ta dat it underwerp ynkoarten oan 'e oarder komme sil yn de riedskommisje ABZ of Welzijn. 3. Utstel oangeande it beneamen fan leden en plakferfangende leden yn de rieds- kommisies. 98/43 - 388 m. Oer alle beneamingen wurdt skriftlik stimd. De kommisie Algemene en Bestuurliike Zaken: Foardroegen en ta lid wurde beneamd: de hear W.F. Ekas (Gemeentebelangen) de hear J. Admiraal (PvdA) 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 7