GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4 Agindapunt: 4. Foarstelnu.: 98/73 Stiens, 17 juny 1998 Underwerp: fiuzjebeslut iepenbiere basisskoallen "de Skule" en "de Trochreed" yn Stiens Oan de gemeenteried Yn de riedsgearkomste fan 28 novimber 1996 hat jimme rie in yntinsjebeslut nnmmen om fan 6 iepenbiere basisskoallen werom te gean nei 5, itjinge betsjutte fan 3 nei 2 yn Stiens. Yn 'e praktyk betsjutte dit in undersyk nei de fuzje fan de beide iepenbiere basisskoallen "de Skule" en "de Trochreed" yn Stiens. Foar it fuzjeproses hawwe wy in stappenplan opsteld. Neffens dat stappenplan wurdt it proses fierder ta utfiering brocht. No't it fuzjerapport opsteld is en oan us kolleezje oanbean is, hawwe wy it utstel om feitlik ta fuzje oer te gean stjoerd nei de meisizzenskipsrieden fan beide skoallen. A1 hiene dy rieden ynearsten wat praktyske kanttekenings by it utstel, sy hawwe dochs harren ynstimming ferliend. Wy fine dat wy oan de betinkings, dy 't steld binne, foldwaan kinne. It ien en oar is lykwols ek mei de belutsen direkteuren bepraten. Wy stelle jimme dan ek ut no ta fuzje fan beide skoallen te besluten. De utfiering fan de fuzje sil plak ha op 1 augustus 1999, at de skoallen husfeste wurde sille yn in nije skoalle. De riedskommisje ABZ kin har mei it utstel lykfine. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 43