GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 maaie 1998 Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, D. Bijlsma, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B.H. Klaassens, B. Lageweg, C. Vos, S. Roosma, J. Stienstra, J.S. Keizer en A. Elgersma. 1. Feststellen fan de beslutelist fan de gearkomste fan 14 april 1998 0000 m. De wurden eed en belofte binne troch fersin omwiksele. Mei dy korreksje wurdt it ferslach feststeld. Feststellen fan de beslutelist fan de gearkomste fan 23 april 1998 Der moat oanfold wurde dat oer alle utstellen skriftlik stimd is. It petear mei de famylje Sikkens moat noch plak ha. De hannelwize oer tasizzings dy't dien binne yn in riedsgearkomste en it fuortsetten (de proseduere) derfan, komt yn de riedskommisje ABZ oan 'e oarder. It ferslach wurdt mei dy oanfollings feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings 98/61 0289 m. Al: gjin Bl-3: gjin CI-9: der wurdt it wurd oer fierd troch frou Haites (C2 Regio Noord Friesland oer de untwerpbegrutting C8 fusie Waterleiding NUON), de hear Bijlsma (C2 C8), wethalder Klaassens en de foarsitter. Tasizzing wurdt dien dat beide underwerpen yn 'e kommisje ABZ oan 'e oarder komme sille. Definitive beslutfoarming om 'e fuzje Waterleiding NUON hinne sil plakfine yn novimber. Yn july fynt fia de kommisje ynformaasje plak oan 'e han fan in taljochting troch de direkteur. Dl-2: gjin 3. Feststellen tariedingsbeslut foar it bouplan fan F. de Boer, Finsterbuorren 5 yn Jelsum 98/62 0538 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Dijkman en Glas en de hearen Stienstra, Ketellapper, Keizer, Roosma, wethalder Klaassens en de foarsitter. De hear Keizer leit in stimferklearring of. Der sil in petear komme mei oanwenjenden fan de Finsterbuorren oer proseduere en behanneljen fan oanfragen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. Foarsitter: Siktaris: de hear drs. M. Abma de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 .0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 5