GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4 Agindapunt: 4 Foarstelnu.: 98/95 Stiens, 14 septimber 1998 Underwerp: feststelling tariedingsbeslut Fa. Plat&Zn., Truerderdyk yn Stiens Oan de gemeenteried Op 26 jannewaarje hat Fa. D. Plat&Zn. in fersyk dien om in bedriuwswenning bouwe te meien by it bedriuw oan de Truerderdyk te Stiens. By it fersyk is tagelyk de suggestje dien om grun nedich om dy wenning te bouwen te ruiljen foar grun dy't de gemeente nedich hat om de oanlis fan in fuot- en fytspaad mooglik te meitsjen. It jildende bestimmingsplan "Stiens Yndustryterrein" ken de mooglikheid foar it bouwen fan in bedriuwswenning. Om de untjouwing fan oare bedriuwen net tsjin te gean is keazen foar de lokaasje fan de wenning east fan it bedriuw. Der leit krekt de skieding mei it bestimmingsplan "Sportkompleks Stiens". Dat bestimmingsplan lit op dat plak de bou fan in wenning net ta. Wy fine dat meiwurking oan dit fersyk jun wurde moat en hawwe dat yn in foarstel oan de Kommisje III foarlein, dy't op 10 septimber 1998 yn mearderheid mei dit foarstel ynstimd hat. Om de bou te realisearjen is it nedich om in tariedingsbeslut te nimmen. Meiwurking is allinne mooglik troch de wei fan in artikel 19-proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar oanbelangjend perseel in nije bestim- ming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in beslut mei byhearrende tekening oan. Wy stelle jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan us kolleezje de fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. Tagelyk stelle wy jimme hjirby foar om de grun nedich foar de bou fan dizze wenning te ruiljen mei de Fa. Plat&Zn. foar de grun dy't de gemeente nedich hat foar de oanlis fan in fuot- en fytspaad tsjin de priis fan 45,- de m2, ekskl. btw en k.k. en de ofhanneling derfoar oan us oer te litten. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 12