GEMEENTE OANPAST UTSTEL
LEEUWARDERADEEL 4
Agindapunt: 4
Foarstelnu.: 98/95 Stiens, 14 septimber 1998
Underwerp:
feststelling tariedingsbeslut
Fa. Plat&Zn., Truerderdyk yn Stiens
Oan
de gemeenteried
Op 26 jannewaris 1998 hat Fa. D. Plat Zn. in fersyk yntsjinne om in bedriuwswenning
bouwe te meien by it bedriuw oan de Truerderdyk yn Stiens. By it fersyk is tagelyk de
suggestje dien om grun, dy't brukt wurde moat om dy wenning te bouwen, te ruiljen foar
grun om in fuot- en fytspaad oan te lizzen. Foar neiere ynformaasje ferwize wy jo nei de
riedsportefulje. By de fierdere utfiering sil mei de betingsten, dy't yn de kommisje oanjun
binne, rekken halden wurde.
It jildende bestimmingsplan "Stiens Yndustryterrein" ken de mooglikheid foar it bouwen
fan in bedriuwswenning. Om de untjouwing fan oare bedriuwen net tsjin te gean is keazen
foar de lokaasje fan de wenning east fan it bedriuw. Der leit krekt de skieding mei it
bestimmingsplan "Sportkompleks Stiens". Dat bestimmingsplan lit op dat plak de bou fan
in wenning net ta.
Wy fine dat meiwurking oan dit fersyk jun wurde moat en hawwe dat yn in foarstel oan
de Kommisje III foarlein, dy't op 10 septimber 1998 yn mearderheid mei dit foarstel
ynstimd hat.
Om de bou te realiseaijen is it nedich om in tariedingsbeslut te nimmen.
Meiwurking is allinne mooglik troch de wei fan in artikel 19-proseduere. Derta is it
needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar oanbelangjend perseel in nije bestim-
ming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in beslut mei byhearrende tekening oan. Wy stelle
jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan us kolleezje de
fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten.
Tagelyk stelle wy jimme hjirby foar om de grun nedich foar de bou fan dizze wenning te
ruiljen mei de Fa. Plat&Zn. foar de grun dy't de gemeente nedich hat foar de oanlis fan in
fuot- en fytspaad tsjin de priis fan 45,-- de m2, ekskl. btw en k.k. en de ofhanneling
derfoar oan us oer te litten.
Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel,
de siktaris, de boargemaster,
J.J. KINGMA
MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ