GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 1 Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 augustus 1998 Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J. Admiraal, S.R. Roosma, A. Dijkstra, D. Bijlsma, W. Ekas, A. Elgersma, R.A. Ketellapper, J.S. Keizer, B. Lageweg en de wethalders C. Vos en B.H. Klaassens. Mei kundskip ofwezich: de hear J. Stienstra Foarsitter: mefrou W.Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 m. Oan it begjin fan de gearkomste wurdt in skoftsje stilstien by it ferstjerren fan aid riedslid en -wethalder, de hear P. Soepboer ut Britsum. De foarsitter lest in koart in memoriam foar. Demei wurdt in momint stilte yn acht nom- men. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 25e iunv 1998 De hear Ketellapper merkt oangeande punt 8 (Kommisje Berop- en Beswierskriften) op dat it finansjele aspekt ek in argumint west hat om as fraksje tsjin te stimmen. 2. Ynkommen stikken en meidielings 98/84 - 1502 m. Foarofgeand oan de behanneling derfan jout de foarsitter oan dat de (CI Roukaart P. Soepboer) advertinsje fan de gemeente yn de Fryske taal opsteld wurde moatten hie. It ofhanneljen fan de brieven fan de fraksje Gemeentebelangen (Bll, 12 en 13) wurdt oerlitten oan it kolleezje en net, lykas utsteld wurdt, foar kundskip oannommen. Al: gjin Bl-4: gjin Cl-14: der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Glas (C5 Untwerpbegrutting RION) en Dijkman (C14), de hearen Lageweg (CI 1, 12 en 13 Brieven GBL-fraksje), Dijkstra (C14 Sanearring WOC Perspektief), Elgersma (C14), Admiraal en wethalder Vos. Der wurdt tasein dat de undertekening fan de untfangstbefestiging neier besjoen wurde sil. Oangeande it RION wurdt tasein dat de reaksje fan Deloitte en Touche ek meinommen wurde sil. De situaasje oangeande de sanearring fan it WOC-Perspectief sil op de aginda komme fan de gearkomste fan Kommisje I. De brief fan de hear Van Ieperen sil belutsen wurde by de behanneling. 1428 m. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 4