GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 3 Agindapunt: 3 Foarstelnu.: 98/94 Stiens, 14 septimber 1998 Underwerp: feststelling tariedingsbeslut iepenbiere basisskoalle yn Stiens Oan de gemeenteried Yn de riedsgearkomste fan 18 desimber 1997 is troch jimme in kredyt beskikber steld foar de nijbou fan in iepenbiere basisskoalle te Stiens op in lokaasje neist de Stichting Maartenswouden, foar de fuzje tusken de besteande i.b.s. "de Skule" en de i.b.s. "de Trochreed". De bou fan in skoalle is op dat plak yn it jildende bestimmingsplan "Sportkompleks Stiens", feststeld troch de Ried d.d. 20 desimber 1971, nu. 71/162 en goedkard troch Deputearre Steaten op 16 juny 1972 under nu. 10.677, net mooglik. Foar de fuortgong is it saak dat in oanfang makke wurdt mei de romtlike proseduere. Om de bou te realisearjen is it yn earste ynstansje nedich om in tariedingsbeslut te nimmen. Meiwurking is allinne mooglik troch de wei fan in artikel 19-proseduere. Derta is it needsaaklik dat jimme ried it beslut nimt, dat foar oanbelangjend perseel in nije bestim- ming taret wurdt. Bygeand treffe jimme in konsept beslut mei byhearrende tekening oan. Wy stelle jimme hjirby foar om dit beslut te nimmen en derby te besluten om oan us kolleezje de fierdere ofhanneling fan de artikel 19-proseduere oer te litten. De kommisje III hat yn de gearkomste d.d. 10 septimber 1998 ynstimd mei it foarstel. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 9