GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 8 Punt fan 'e Wurklist: 8. Utstelnumer: 98/110 Stiens, 20 oktober 1998 Underwerp: ferlingen stjoertiidtawizing Radio Middelse Oan de gemeenteried Lykas jimme ried wol wit, folt us lokale omrop Radio Middelse foar us gemeente de (lokale) stjoertiid yn. Radio Middelse wol boppedat har gebiet graach utwreidzje mei de gemeente Ferwerteradiel. Radio Middelse hat eartiids fan it kommissariaat foar de Media stjoertiid tawiisd krigen en wol foar in perioade fan 5 jier. Dy perioade is no ferstrutsen, sadat Radio Middelse by it kommissariaat foar de media in oanfraach dien hat dy stjoertiid te ferlingjen. Boppedat hat sy frege it stjoergebiet utwreidzje te meien mei de gemeente Ferwerteradiel. As ferfolch op dy oanfraach freget it kommissariaat op 'e nij oan jimme rie advys oer it ferlingjen fan it tawizen fan de stjoertiid. Wy hawwe it fersyk fan it kommissariaat al hifke oan de easken, dy 't hja deroan stelle. Wy hawwe konstatearre dat Radio Middelse oan alle easken, dy t it kommis sariaat stelt om yn oanmerking te kommen foar stjoertiidferlinging, foldocht. Wy stelle jimme rie dan ek ut in posityf advys ut te bringen oer de oanfraach dy 't Radio Middelse oan it kommissariaat foar de Media dien hat en it kommissariaat sa te berjochtsjen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W. CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 31