Wethalder Vos seit ta dat er in oersjoch by de Skalm opfreegje sil oangeande it oantal
minsken dat yn in beskate ynkommensgroep fait.
Hy sil ek utsykje oft de 30% fan de taslach fan it earste bem, dat berekkene wurdt
foar alle folgjende bem ut in gesin, wetlik foarskreaun is. Yn kommisjeferban sil der
op weromkommen wurde.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.
9. Ofrekkenien reserves bvsunder basisunderwiis
98/100 - 1302 m.
Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.
10. Hertaksaasie wet WOZ priisneildatum 01-01-99
98/101 - 1309 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch mefrou Dijkman, de hearen Dijkstra en Ekas en de
foarsitter.
In ofskrift fan de brieven oan VNG en VFG sille oan de kommisjestikken taheakke
wurde. Stelde fragen sille ek yn de kommisje behannele wurde.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders
besletten.
11. Gemeenterekken 1997
98/102 - 1443 m.
Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites, Dijkman, de hearen Dijkstra,
Keizer, Lageweg, Bijlsma, Admiraal en de foarsitter.
Nei in wiidweidige diskusje komt Gemeentebelangen mei in amendemint om 't de
rekken sa't dy der leit neffens harren net opmakke is neffens goede boekhaldkundige
praktyk dy't foarskreaun is. It utstel giet sa:
De utkearing fan de hoedsumheidsreserves, lykas it heart en trochde accountant
oanjun is, opnimme yn de jierrekken 1997.
Fan de winst fan de utwreidingsplannen It Heechhof en Britsum Z.O., gmt
324.744,00,-- it nedige bedrach brake om de jierrekken '97 slutend te meitsjen en
wat oerbliuwt nei de reserves fan it grunbedriuw oerbringe.
Dat utstel wurdt fersmiten mei 10 tsjin 5 stimmen.
(De fraksje fan GBL stimt foar, de oare fraksjes binne tsjin).
Demei wurdt it utstel fan it kolleezje yn stimming brocht.
Dat wurdt oannommen mei 10 stimmen foar en 5 stimmen tsjin.
(De fraksjes fan PvdA, FNP, WD en CD A binne foar it utstel, Gemeentebelan
gen is tsjin beide punten fan it utstel).
De hear Lageweg leit in stimferklearring of.