GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 7 Agindapunt: 7. Utstelnumer: 98/117 Stiens, 17 novimber 1998. Underwerp: grunruil mei de firma Plat Zn. Oan de gemeenteried Yn ien fan jimme eardere gearkomsten hat jimme ried in tariedingsbelut nommen foar it bouwen fan in bedriuwswenning by it bedriuw fan de firma Plan Zn. oan de Truerder- dyk op it bedriuwenterrein ZPC/Noarderfjild. It beslut oer de gruntransaksje dy't dermei gearhong, waard oanhalden. Yn in tal rondes is dizze oangelegenheid bepraat yn jo riedskommisje III. Foar wat betreft it trasee fan it fytspaad is neidruklik keazen foar de sudlike fariant. Dermei wurde ekstra oerstekplakken foarkommen. Oangeande it parkearterrein wolle wy yn 'e takomst mear regulearjend optrede. Dat haldt yn dat wy yn de kommunikaasje mei bedriuwen dat punt under harren oandacht bringe sille. Omtrint de priisstelling hawwe wy oansluting socht by de net-sicht lokaasjes fan it bedriuwenterrein Middelsee. Fierder sille wy yn in brief oan de firma Plat oanjaan wat de untwikkelings weze kinne fan it parkearterrein. De firma Plat hat al oanjun dat hja hjirmei ynstimme kinne. Wy stelle jimme ut te besluten ta it ruiljen fan in stik grun lykas it konsept-beslut oanjout. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 39