Emansipaasje/Pjutteboartersplak: earst foarstellen ofwachtsje mei de dekking dy't der by heart. De PvdA fraksje stelt ut in emansipaasjepriis yn te stellen en draacht der as earste it Pjutteboartersplak by foar. Ferljochting sportfjilden Stiens: der moat it kolleezje earst ek noch in utstel oer krije; derom it amendemint fan de FNP no earst leafst oanhalde. Sport/Swimbad: it kolleezje kin net meigean yn de utstellen fan de FNP en GBL (sjoch ek "opmerkingen college"). Bouleezjes: it giet hjir op dit stuit allinnich noch mar om ruzings; de praktyk moat noch utwize wat it werklik opsmite sil. Stimulearringsjilden Middelsee: it no al oerheveljen fan jild ut de Algemiene tsjinst is net ferstannich; it kolleezje kin de utstellen fan de ffaksjes dan ek net stypje. Ferbou gemeentehus: utgeande fan it doel fan ferbou, tsjinstferliening, bettere befeiliging en ferbettering fan tagonklikheid fan alle boargers, is langer utstellen net ferstannich. Klachteferwurking: dat is keppele oan in systeem en de noadige manoeren; sa'n systeem sil ynkoarten opset wurde. Opbringsten gruneksploitaasje: it kolleezje is fan miening dat der gjin saken fan betelle wurde moatte, om't der yn it foarjier pas goed ynsicht yn weze sil. Technyske utlis begrutting: diskusje komt werom yn kommisje III. Skalm: undersyk oare behearsfoarm, produktofspraken, managementletter ensfh. komme werom yn kommisjeferban. Ekstra lesten ferlytsjen klassen iepenbier en bysunder underwiis: it giet om de bou fan in iepenbiere skoalle en renovaasje fan in kristlike skoalle; it is allinnich noadich om foar de iepenbiere skoalle in bedrach op de begrutting te setten, pas yn 2000 ek foar de kristlike skoalle. OZB: as it kolleezje it ferleegjen fan de foarstelde ferheging OZB oemimt, dan sit it mei dekkingsproblemen! WVG: it giet om in iepeneinregeling der't in bepaald bedrach by heart; Yn gefal fan oare bedraggen sil der dekking foar socht wurde moatte. Wethalder Klaassens: Ferljochting sportfjilden: it kolleezje wachtet neiere utstellen of. Systematyk bedriuweterrein Middelsee: mei akkoart. MER-traseestudzje diken: it kolleezje wol der no noch net op foarut rinne en noch gjin jild foar frijmeitsje. Emansipaasje: ynstellen stimulearringspriis mei akkoart en neiere ustellen ofwachtsje. Wethalder Vos: Skalm: yn it earste healjier sil der nei in oplossing socht wurde, werby't it rapport Louwsma ek seker oan'e oarder komme sil; de ynstek fan it kolleezje sil weze dat sosjaalkultureel wurk in basisfoarsjenning is; it trochgean litten fan de taakstelling foar de Skalm giet it kolleezje net akkoart mei. Bibleteek: de budzjetsubsydzje mei ofspraken rint of op 1-1-1999; de gemeente is al yn petear mei it stiftingsbestjoer oer nije ofspraken. Plattelansbelied: komt yn kommisjeferban werom. Pjutteboartersplakken: wachtsje op neiere foarstellen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 10