(Underbrekking gearkomste - ein ban II) Stimming utstellen/amendeminten begruttingsgearkomste 23 en 26 novimber 1998. Oangeande it oanfoljend/definityf utstel fan it kolleezje foar te treffen maatregels begrutting 1999 wurde de folgjende amendeminten yntsjinne: Amendemint Gemeentebelangen om foar sportkompleks It Gryn foar de oanlis fan in ljochtynstallaasje op it oefenfjild, in kredyt te jaan fan 40.000,-- ut it funs komutlis en boppewykse foarsjennings. Stimferklearrings: Admiraal, Bijlsma, Dijkman, Haites. It amendemint wurdt fersmiten mei 6 stimmen foar (fraksjes GBL en WD) en 9 stimmen tsjin (PvdA, FNP, CD A). Amendemint Gemeentebelangen om de troch it kolleezje utstelde ferheging fan de O.Z.B. te beheinen ta maksimaal 4%. It amendemint wurdt fersmiten mei 5 stimmen foar (fraksje GBL) en 10 stimmen tsjin (fraksjes PvdA, FNP, CDA, WD). Amendemint Gemeentebelangen om in koarting fan 40.000,- op de Iepenbiere Bibleteek net troch te setten en in ekstra bedrach beskikber te stellen fan 10.000,— (totaal 50.000,—). Stimferklearrings: Bijlsma, Admiraal, Ketellapper. It amendemint wurdt fersmiten mei 5 stimmen foar (fraksje GBL) en 10 stimmen tsjin (fraksjes PvdA, FNP, CDA, WD). Amendemint Gemeentebelangen om foar ekstra lesten foar de bou fan ekstra lokalen by de te fuseaijen basisskoallen fan it Bysunder en Iepenbier underwiis in ekstra bedrach beskikber te stellen fan 40.000,—. Stimferklearrings: Dijkstra en Bijlsma. It amendemint wurdt fersmiten mei 5 stimmen foar (fraksje GBL) en 10 stimmen tsjin (fraksjes PvdA, FNP, CDA, WD). Amendemint WD om de ferheging O.Z.B. te beheinen ta maksimaal 5%. Dekking u.o. ut bydrage eksploitaasje bedriuweterrein Middelsee 93.000,-) en taakstelling de Skalm 60.000,—).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 11