GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 7 Agindapunt: 7. Utstelnr.: 98/130 Stiens, 9 desimber 1998 Underwerp: ferkeap iepenbier grien Oan de gemeenteried Mei yngong fan 1 jannewaris 1998 jildt it (nije) belied 'ofstjitten iepenbier grien', werby't under oaren festlein is dat alle oanfragen ien kear yn't jier troch de rie behannele wurde sille. Der binne dit jier oant no ta seis oanfragen yntsjinne om stripen iepenbier grien oan te keapjen, dy't wy hjirby oan jimme foarlizze. 1. Sillan 67 yn Britsum 2. Lotusstijitte 25 yn Stiens 3. Ungastins 68 yn Stiens 4. Lotusstrjitte 38 yn Stiens 5. Mienskar 21 yn Stiens 6. Holwoartelstrjitte 19 yn Koamjum Us utstel is om mei de oanfragen dy't neamd wurde under 1. en 4. hielendal yn te stimmen, mei oanfraach numer 6 foar in part en de oanfragen 2. en 3. of te wizen. De grunpriis fan iepenbier grien, dy't neffens it belied 'ofstjitten iepenbier grien' fan begjin dit jier of jildich is, is foar Sillan 67 en Lotusstrjitte 38 feststeld op 25,00 de m2, op kosten fan de keaper. Foar Holwoartelstijitte 19 jildt in priis fan 27,50 de m2 k.k., om't de oerflakte grutter is as 50 m2 (dus 50% doedestiids jildende grunpriis). It utstel oangeande de Mienskar yn Stiens (numer 5) is ynlutsen en sil op 'e nij besjoen wurde. It giet derby nammentlik om grun yn in nijbouwyk der't in feststelde priis foar jildt. It ferhieren fan iepenbier grien is yn dy sitewaasje ek net winsklik. Yn dat ramt sil it ferhieren fan iepenbier grien yn syn algemienens nochris kritysk besjoen wurde. Wat de argumintaasje fan it utstel 'ofstjitten iepenbier grien' oanbelanget, ferwize wy nei de stikken dy't foar jimme yn de riedsportefulje op besjen lizze. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MEFR. W.CHR. VROEGINDEWEIJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 57