GEMEENTE LEEUWARDERADEEL la. Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 oktober 1998 Oanwezich: de froulju F. Haites, M. Glas, D. Dijkman en de hearen J.W. Admiraal, A. Dijkstra, D. Bijlsma, R.A. Ketellapper, W. Ekas, B.H. Klaassens, J. Stienstra, B. Lageweg, C. Vos, S. Roosma, J.S. Keizer en A. Elgersma Foarsitter: mefrou W. Chr. Vroegindeweij Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban II - 0000 -0-0-0-0-0-0- 1. Feststellen fan de beslutelist fan de gearkomste fan 24 septimber 1998 0010 m. De hear Keizer sjocht graach by punt 11 (gemeenterekken 1998) dat de sin "de utkea- ring.jierrekken 1998" wizige wurdt yn "de utkearing fan de hoedsumheidsre- serves, lykas it heart en troch de accountant oanjun is opnimme yn de jierrekken 1997". De oare fraksjes hawwe der gjin beswier tsjin. 2. Ynkommen stikken en meidielings 98/104 - 0045 m. Al: gjin opmerkings Bl-6: Der komt mefrou Glas oer oan it wurd (Bl, B5 en B6). Cl-5: Der komme frou Glas en de hear Dijkstra oer oan it wurd (C5). Foar de reaksje fan it kolleezje ferwize wy jimme nei de list mei tasizzings dy't oan dit ferslach taheakke is en sa underdiel utmakket fan de ferslachlizzing. 3. Feststellen tariedingsbeslut foar it bounlan fan P. Prose. Aldlansdyk 3 yn Koamium 98/105 - 0031 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 5