4. Feststellen bestimmingsplan "Stiens-centrum" 98/106 - 0036 m. Der komme de froulju Dijkman en Haites en de hearen Bijlsma, Keizer, Roosma, Ekas, wethalder Klaassens en de foarsitter oer oan it wurd. De voorzitter doet de toezegging dat er overleg zal plaatsvinden met de bedrijven Tacoma en Brandsma. Twa fraksjes te witten de PvdA en de FNP tsjinje wizigingsutstellen yn. It wizi- gingsutstel fan de PvdA wurdt mei 5 stimmen foar (fraksje FNP en fraksje PvdA utsein wethalder Klaassens) en 10 stimmen tsjin, fersmiten. It wizigingsutstel fan de FNP wurdt mei 2 stimmen foar (fraksje FNP) en 13 stimmen tsjin, fersmiten. De hear Bijlsma leit in stimferklearring of. Ta einbeslut wurdt it bestimmingsplan neffens it utstel fan it kolleezje mei 13 stimmen foar en 2 stimmen tsjin (FNP fraksje) feststeld. 5. Sechde searie wizigings Model-oardering 98/107 - 2070 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 6. Op 'e nii vnriochtsien "de Galge" 98/108 - 2074 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Bijlsma, Roosma, Ketellapper, Stienstra, Keizer en wethalder Klaassens. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 7. Ferkeap oandelen FR1GEM 98/109 - 2178 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de froulju Haites en Dijkman en de hearen Dijkstra, Ekas, Admiraal, wethalder Klaassens en de foarsitter. De tasizzing wurdt dien dat it kolleezje demei stribje sil de oankundige notysje oer de reserves en foarsjennings foar 1 april takom jier oan de leden fan kommisje III foar te lizzen. Utsein frou Glas wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 8. Ferlingen stioertiidtawizing Radio Middelse 98/110 - 2619 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besletten. 9. Begruttingswizigings 98/111 - 2627 m. Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Ketellapper, Dijkstra, Keizer en de foarsitter. 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1998 | | pagina 6